skiednis
It Fries Verzetsmuseum is sûnt 1979 aktyf om it ferhaal oer Fryslân yn de Twadde Wrâldoarloch op in edukative wize te fertellen. De earste útstalling yn 1979 wie in presintaasje mei klam op it ferset, wêrby’t it klassike tinken yn goed en ferkeard útgongspunt wie. Yn 1983 waard dat klassike tinken troch de wei fan wikseleksposysjes definityf trochbrutsen en krige nuânse romte yn de presintaasje.

