kolleksje

45.000 objekten

It Fries Verzetsmuseum jout plak oan in kolleksje fan sirka 45.000 objekten, dokuminten, boeken, tydskriften, foto’s en film dy’t in yndrukwekkend byld jouwe fan de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân. De samling giet oer it deistich libben ûnder de besetting, kollaboraasje, ferset en ferfolging en de befrijing yn Fryslân yn en nei de Twadde Wrâldoarloch.

Wy binne altyd op ’e syk nei it ferhaal efter de objekten. Dat makket it aard fan dizze kolleksje bysûnder. Legerskuon, pistoalen, in stikje sjippe, in reep sûkelade. Dokuminten, foto’s, ynkringende filmfragminten. Mei gâns oare objekten foarmje sy de basis foar ôfwikseljende presintaasjes dy’t de ferhalen út en oer de oarloch yn Fryslân fertelle.

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

iepeningstiden

tiisdeis o/m sneins 11.00 - 17.00 oere
moandei sletten


© Fries Verzetsmuseum - alle rjochten foarbehâlden | disclaimer