It Fries Verzetsmuseum bliuwt op ’e syk nei ferhalen, objekten, dokuminten en byldmateriaal oer Fryslân en de Twadde Wrâldoarloch. Ha jo materiaal dat jo oan it Fries Verzetsmuseum skinke wolle, dan kinne jo kontakt opnimme.
bining mei de oarlochsjierren
Nei oanlieding fan dat kontakt wurdt besjoen oft de skinking op syn plak is yn it Fries Verzetsmuseum. Wichtichste seleksjekritearium is oft it objekt past yn de kolleksje; dêrby wurdt swier ynset op de bining mei de oarlochsjierren yn de provinsje Fryslân. Fansels wurdt ek sjoen nei de fysike tastân fan it objekt en yn hoefierre oft it oanbeane objekt al yn de kolleksje fan it Fries Verzetsmuseum opnaam is. As der sprake fan is dat de objekten net passe yn de kolleksje fan it Fries Verzetsmuseum wurdt frijbliuwend advys jûn oer mooglike oare ynstellings dy’t belangstelling ha kinne soene foar it oanbeane materiaal.
papieren objekten
Tusken Tresoar en it Fries Verzetsmuseum binne ôfspraken makke om papieren objekten te bewarjen binnen Tresoar. It giet dan om boeken, tydskriften, kranten, affysjes, topografyske kaarten en dokuminten. Yn oerlis mei de skinker makket de oanwinst dêrnei ûnderdiel út fan de kolleksje Tresoar of fan de kolleksje Fries Verzetsmuseum.