oer it museum
It Fries Verzetsmuseum is ûnderdiel fan it Fries Museum. Hjir moetest de bewenners fan Fryslân yn de jierren 1940-1945. Friezen en net-Friezen fertelle hoe’t sy de oarloch op it plattelân yn Fryslân belibben. Ferset en ferfolging, mar gjin hongerwinter. Wol flechtlingen en minsken dy’t fan fier en hein kamen om molke en iten te heljen.