In besite oan it Fries Verzetsmuseum bringt de Twadde Wrâldoarloch foar jo learlingen hiel tichteby. It is in moeting mei Fryslân en de Friezen yn de Twadde Wrâldoarloch.
basisskoalle (nei nederlânske side)
ûnderwiisprogramma's foar it primêr ûnderwiis
fuortset ûnderwiis (nei nederlânsk)
ûnderwiisprogramma's foar it fuortset ûnderwiis
mbo (nei nederlânske side)
ûnderwiisprogramma's foar it mbo
ûnferjitlike ûnderfining
Wy fine kultueredukaasje belangryk. It ûnderwiis is net sûnder reden ien fan de belangrykste doelgroepen fan it Fries Museum. Wy wurkje út de filosofy wei dat in besite oan ús museum in ûnferjitlike ûnderfining wêze moat, wêrby’tst plezier hast en ûnder de yndruk rekkest fan de moeting mei de echte objekten. In besite oan it Fries Museum soarget derfoar dat bern en jongerein harsels en de wrâld om harren hinne mei oare eagen besjogge. In museum dat ynspirearret.
ferhalen
Mei ús ûnderwiisprodukten wolle wy derfoar soargje dat learlingen har der bewust fan binne dat der ferskate ferhalen oer de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân bestean. Wy wolle harren bewust meitsje fan harren eigen reaksjes op dy ferhalen en dat minsken deselde foarfallen op ferskillende wizen ynterpretearje en betsjutting jaan kinne. Ta beslút wolle wy de bern sjen litte dat guon hjoeddeiske ferskynsels yn Fryslân harren woartels fine yn ’e perioade 1940-1945.