wurkje yn it museum

De organisaasje fan it Fries Verzetsmuseum is part fan it Fries Museum en Keramiekmuseum Princessehof. It foarmet in organisaasje fan twa selsstannige musea. De organisaasje fan de beide musea bestiet út sawat 50 meiwurkers mei alles byinoar in omfang fan ûngefear 40 fte ferdield oer 5 ôfdielings. Fierder wurdt der wurke mei sa likernôch 150 frijwilligers. Guon meiwurkers hâlde har spesifyk dwaande mei de bedriuwsfiering fan it fersetsmuseum.

frijwilligers

Frijwilligers binne foar ús tige wichtich. Yn it Fries Verzetsmuseum en Fries Museum kinne frijwilligers allerhanne soarten wurk útfiere. Bygelyks it rûnlieden fan besikers, it argivearjen en/of registrearjen fan de kolleksje of it meihelpen by de aktiviteiten en eveneminten. Wy biede treflike foarsjennings en begelieding foar frijwilligers en hantearje in profesjoneel frijwilligersbelied.

Wolle jo as frijwilliger wurkje yn in ynspirearjende en dynamyske kulturele omjouwing? Freegje dan frijbliuwend ynformaasje oan fia de ôfdieling Human Resources, telefoannûmer (058) 255 55 09 (ti., to., fr.) of fia humanresources@friesmuseum.nl.

staazje

It Fries Museum biedt in unike kâns foar stazjêres om in meirin- of ôfstudearstaazje te folgjen yn de keunst- en kulturele sektor. Dêrby kinst tinke oan in staazje by de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje, Edukaasje & Ynformaasje, Kolleksje, ensfh. Foar fragen of it ynstjoeren fan in sollisitaasje kinst telâne by Marjanne Berger, Human Resources:humanresources@friesmuseum.nl.

wurkje yn it museum

Op dit momint ha wy gjin fakatueres.

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

iepeningstiden

tiisdeis o/m sneins 11.00 - 17.00 oere
moandei sletten


© Fries Verzetsmuseum - alle rjochten foarbehâlden | disclaimer