It is wilens mear as 75 jier lyn dat de Twadde Wrâldoarloch einige. Al gau nei de befrijing ha wy in oantal wetten en rjochten opsteld, dy’t de frijheid fan alle minsken garandearje moast. In ferneamd foarbyld is de Universele Verklaring van de Rechten van de Mens, dêr’t de grûnrjochten fan elk yndividu yn fêstlein binne. Yn it ramt fan 75 jier befrijing stelden wy alve minsken út Fryslân deselde fraach: hoe frij bisto? Troch wa’t sy binne, harren eftergrûn of situaasje moatte sy de rjochten dy’t de measte minsken as fanselssprekkend beskôgje, betiden noch altyd befjochtsje.
friezen oer frijheid
It resultaat is in rige yntime portretten en ferhalen. Bygelyks fan Gerda út Ljouwert. Sy hat in lang en tawijd tsjerklik libben efter har. Oant har fyftichste wie se troud mei in dûmny. It beslút om har libben diele te wollen mei in frou hie en hat grutte gefolgen. Of Meysam, dy’t syn passy foar dûnsjen ûntduts op jonge leeftyd. Yn Iran, binnen de strange Islamityske húshâlding dêr’t er yn opgroeide, wie en is der foar dûnsjen gjin romte. No hat er in eigen dûnsskoalle en jout ferskate plakken yn Fryslân dûnsles oan bern.
Untdek it ferhaal fan Gerda, Meysam en njoggen oaren yn it Fries Verzetsmuseum oan ’e hân fan ynkringende portretten fan Marike Kijk in de Vegte en Kees Muizelaar. De iepenhertige fraachpetearen troch Sippy Tigchelaar en Sjoerd Litjens binne neist de portretten te lêzen en te beharkjen.
It Fries Verzetsmuseum is ûnderdiel fan it Fries Museum.
It Fries Museum wurdt mei finansiere troch de Ir. Abe Bonnema Stichting, de Provinsje Fryslân, it Samenwerkingsverband Noord-Nederland, EZ/Kompas, de BankGiro Loterij en Aegon.