Yn 2020 sil it 75 jier lyn wêze dat Nederlân befrijd waard. Ta eare fan dat jubileum lit it Fries Museum, yn gearwurking mei Tresoar, argyfbylden fan de Twadde Wrâldoarloch en de befrijing yn de provinsje Fryslân sjen. De foto-útstalling karakterisearret de oarlochstiid yn Fryslân en slút oan op it lanlike projekt “WO2 yn 100 foto” fan it Nederlânsk Ynstitút foar Oarlochsdokumintaasje (NIOD).
De foto’s wurde ôfwiksele mei amateurfilms dy’t it Frysk Filmargyf spesjaal foar dizze útstalling selektearre hat. De films waarden faak yn it geheim ôfspiele en jouwe in ynkringend byld fan de oarloch, it ferset en de Joadeferfolging yn Fryslân. Boppedat wurdt der yn de útstalling in moetingsplak ynrjochte dêr’t hjoeddeiske projekten in plak krije kin en dêr’t romte wêze sil om mei tsjûgen, eksperts en inoar yn petear te gean.
Oog in oog met oorlog is tot stand gekomen in samenwerking met Tresoar, het Fries Film Archief en Historisch Centrum Leeuwarden. De tentoonstelling wordt mede mogelijk gemaakt door Provinsje Fryslân, vfonds en Stichting Friesland 1940-1945.