rûte

It Fries Verzetsmuseum is fêstige yn it gebou fan it Fries Museum op it Wilhelminaplein yn Ljouwert. 

mei it iepenbier ferfier

It Fries Museum leit yn it sintrum fan Ljouwert op 5 minuten rinnen fan it trein- en busstasjon. Jo kinne jo rûte nei stasjon Ljouwert planne mei 9292.

rinrûte by it stasjon wei

By it stasjon wei stekke jo de dyk oer nei de Sophialeane. Rin hieltyd rjochttroch fia de Prins Hendrikstrjitte nei it Wilhelminaplein. Oan jo rjochterhân fyne jo it museum op it plein.

mei de auto

Mei de auto folgje jo de P-rûte nei parkeargaraazje Zaailand neist it museum. Jo kinne dêr alle dagen fan ’e wike 24 oeren deis terjochte. Parkearjen kostet maksimaal € 7,50 per dei. Yn parkeargaraazje Zaailand binne ferskate parkearplakken oanwêzich foar minderfaliden, ticht by de opgong. Fia de opgong komme jo direkt yn de museumhal.

Adresgegevens Parkeargaraazje Zaailand
Saailân 5
8911 BL  Ljouwert

mei de fyts

Jo kinnen jo fyts fergees yn de fytsestalling op it Saailân sette.

Fries Museum
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
T: 058 255 55 00
E: info@friesmuseum.nl

iepeningstiden

tiisdeis o/m sneins 11.00 - 17.00 oere
moandei sletten


© Fries Verzetsmuseum - alle rjochten foarbehâlden | disclaimer